Leeftiid
0-3 3-6 6-9 9-12 12-15

Oer SkoalTV

Mission statement SkoalTV

Alle kontint dy't SkoalTV makket, draagt by oan it bewustwêzen fan bern en jongeren yn Fryslân fan de kânsen dy ‘t se ha om ’t se yn dizze provinsje opgroeie.

Ommers, opgroeie yn Fryslân betsjut opgroeie mei in sterk besef fan je plak yn de wrâld, fan hoe't je je ferhâlde ta Nederlân en it bûtenlân, ta kultueren en talen, ta lânskip en miljeu, ta minsken fan no en yn de takomst. Omdat Fryslân sterker as oare provinsjes in eigen identiteit hat, jout dat de mooglikheid om fanút dy eigenheid iepen nei de wrâld te sjen. De kontint dy't wy meitsje azemje dat bewustwêzen. Fryske taal en kultuer leit as in fruchtbere boaiem ûnder datjinge dat wy opbloeie litte.

Dat opbloeien fan moaie bydragen liedt ta in kleurryk palet oan kontint,  dy't Fryske bern en jongeren ferliedt om nei te sjen. It laket harren ta, makket nijsgjirrich, smakket nei mear en stilt de sûne honger nei kennis. Alle kontint dy ’t SkoalTV makket, giet út fan it bern of de jongere. Sy binne ús iennichste doelgroep.

SkoalTV is foar de dosint in ûnmisber helpmiddel by syn lessen Frysk en in moaie stipe by oare fakken. De sfear fan de kontint draacht by oan it akseptearjen fan it Frysk as in natuerlike taal yn dizze provinsje en stimulearret om dy te sprekken en te skriuwen. Troch it brûken fan it Frysk by kontint dy't mei oare spesifike fakken anneks is (technyk, biology, ensafh.) hoecht de taal net in 'fremdkörper' yn syn lesroaster te wêzen mar kin er dy ek yntegrearje yn oare lessen.

Dat betsjut dat ús kontint:

  • altyd bydraacht oan it bewustwêzen fan bern en jongeren yn Fryslân fan de kânsen dy ‘t se ha om ‘t se yn dizze provinsje opgroeie.
  • altyd de ynteraksje siket mei de doelgroep. Der sitte dus altyd fragen foar ús doelgroep yn de kontint dy ’t reaksje útlokket.
  • altyd op in wize presintearre wurdt dy't foar bern en jongeren oantreklik is om yn'e frije tiid nei te sjen. Lykas op skoalle.
  • altyd de Fryske taal en kultuer as 'natuerlik gegeven' beskôget. Dat hoecht net beneamd te wurden, mar is hieltyd fielber yn de sfear fan de kontint.
  • yn de measte gefallen oansluting ha moat by ien fan de skoalfakken, oft dat no Frysk is of in oare taal, HVO/GVO, wiskunde, skiednis, technyk, muzyk, biology, handenarbeid of wat ek mar.
  • yn elts gefal foar in part oanslute moat by de lesmetoade Frysk. Better sein: op basis fan de lesmetoades soargje wy dat de dosint hjir brûkber ûndersteunend audiovisueel materiaal by kriget. It ferlet fan it ûnderwiis oan lesstof foar it fak Frysk is liedend yn wat wy meitsje foar har.
  • der nei stribbet om altyd agindasettend te wêzen foar bern en jongeren. Wy besykje foarop te rinnen en liedend te wêzen yn it sykjen fan de ûnderwerpen dy't we bringe. Dat kin wêze troch aktualiteit te sykjen, 'duidend' te wêzen mei achtergrûnen, trendsettend te wêzen mei nije inisjativen, taboes te trochbrekken, ynteraksje te sykjen, mei humor of toan of foarmjouwing oandacht te generearjen.    

​Spoar 8

​De kontint fan SkoalTV hawwe ek in plak binnen de digitale taalmethoade Spoar 8 fan de Afûk.

Afbeelding: